
Ingrey sjocht himsels as in sljochtwei kriichsman, sij it ien mei in boppenatuerlik erfskip, en as in trou tsjinner fan e segelmaster, hear Hetwar, dyt it Wold regearret not de hjelkening op stjerren leit. Mar as der op in jachtslot yn in úthoeke fan it lân in prins fermoarde wurdt, en Hetwar oan him de opdracht tafertrout om it lyk en de moardneresse nei de haadstêd te bringen, ûntdekt Ingrey dat der frjemde en ôfgryslike dingen geande binne, dêrt hysels oan kop en earen ta yn behelle rekket.In moard dyt selsferdigening blykt te wêzen, in moardneresse dyt op mear as ien mêd Ingrey syn oandacht opeasket, in moardsuchtige betsjoening dyt him oplein wêze moat troch immen út syn kunde ... De wei werom nei de haadstêd is fol gefaren.En sels as er dêr wer oankomt, is er noch net feilich, want in dûnkere, skriklike fijân kriget him yn e macht. Mar it docht bliken dat dat net de iennichste is dyt Ingrey besiket te manipulearjen. En dan wurdt njonkelytsen oan Ingrey iepenbiere hokker lotsbestimming oft oan him taparte is troch de goaden, de ferflokten en de deaden.Lois McMaster Bujold (1949) is ien fan e meast foaroansteande Amerikaanske science fiction- en fantasy-auteurs. Mei har oeuvre fan hast tritich romans en novelles, wêrûnder de populêre Vorkosigan-rige, hat se troch de jierren hinne withoefolle prizen wûn. Har wurk is oerset yn likernôch tweintich talen, en se hat fans oer de hiele wrâld. Bujold is hikke en tein yn e neite fan Columbus, yn e steat Ohio, mar wennet al mear as tweintich jier yn Edina, in foarstêd fan Minneapolis, yn Minnesota. Se hat twa folwoeksen bern. Mear ynformaasje (yn it Ingelsk) is te finen op Bujold har offisjele webside www.dendarii.com.
In het kort
Bibliografisch
ISBN-139789089546425
Editie1
TaalFries fry
Pagina’s442
GeïllustreerdNee
Uitgave
Vorm & inhoud
ProductvormE-book ED
VormdetailE101 EPUB
SamenstellingLos product
EPUB-versie2
Beveiliging e-bookDigitaal watermerk 02
Classificatie
NUR (hoofd)Fantasy 334
NUR (alle)334 Fantasy
Medewerkers
Auteur A01Lois McMaster Bujold
Vertaler B06Willem Sjoerds Janzen
Herkomst
Werk-id (NSTC)100007331
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Lijkt op dit boek
NSTC 100007331 · CB-relatie 9087293 · Bijgewerkt 6 augustus 2026









