Sytse Jansma
3 titels in de boekenbase · Auteur · 2015–2024
Over Sytse Jansma
Sytse Jansma staat met 3 titels in de boekenbase als auteur. Het werk valt vooral onder prentenboeken (<6 jaar) en poëzie. Verschenen tussen 2015 en 2024 bij Atlas Contact, Uitgeverij en Stichting Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje Afûk. Over het werk verschenen 11 recensies.
Over het werk gezegd
‘Geur, smaak en ook kleur: we lezen het allemaal terug in Jansma's bundel, die barst van de zintuiglijkheid en lenige taal.’
Lieke van de Krommenacker — VPRO Gids · over Rozige maanvissen
Yn de resinsje fan Eppie Dam yn de Leeuwarder Courant fan 25 septimber 2015 krige de bondel fiif stjerren: 'by Jansma is de taal sels autonoom en ferwize wurden nei wurden: de lêzer moat deryn, nee, oan leauwe, him deroan oerjaan. Wa't dy sprong yn 't tsjuster weaget - sa hat op syn minst ien lêzer ûnderfûn - krijt der skitterjende wûnders foar werom. Fiif skiften telt de bondel, en se steane allegear as in hûs, slepe tagelyk mei as krinkeljende streamfersnellings. Der soe in resinsje fol te skriuwen wêze mei oars net as klinkende rigels en útdaagjende bylden. Wat te tinken fan : 'sa't it wetter troch it soal skaaft / as waffenballades fan wagner'. Sa'n dichter sit nergens om ferlegen, mar likegoed fersuchtet er: 'o, seesicht / hoe kin ik dy fêstlizze yn de hurde kadasters fan taal'. Troch taal floeiber as muzyk te meitsjen, wat Jansma docht. Sytse Jansma hat de poëzy ferrike mei in juwiel fan in bondel: Frysk as de hagel, Hollânsk as de sykte, kosmys as it hielal fan Gagarin. Mar hoe fierdragend ek en iepen, úteinlik bliuwt er by syn woartels, ticht by syn taal, en ticht by it folk dat er blykber goed ken: 'foar de barabbassen fan fryslân / draach ik dizze taal / as fluch stik matse / as bleate batseba / as kristus de dichter'. Dompelje jim ûnder en sis amen. - ( Ut:: resinsje Eppie Dam, Leeuwarder Courant, 25 septimber 2015)
Eppie Dam — Leeuwarder Courant · over As nomaden yn tinten teplak \ Als nomaden in tenten terecht
Werkte samen met