

Dynamyske Bestimming
Dynamyske bestimming is it tweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint.Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten, Hege flecht en Dynamyske bestimming wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 2000.Yn Dynamyske bestimming komt men net út by statyske situaasjes. Sa reizgje yn it jier 2000 Friezen út ’e hiele wrâld werom nei har bertegrûn en belibje dêr dagen fol dynamyk. Charles Lindbergh fleach yn it jier 1927 solo de Atlantyske Oseaan oer mei as bestimming Parys, dêr’t him in dynamysk wolkom wachte. Bouke Blomhof libbet ta nei in bestimming sûnder kij, wat de fraach opropt oft er de dynamyk op ’e pleats deryn hâlde kin. De auteur sels hie yn de maitiid fan 2015 It Heidenskip as bestimming, dêr’t de Koerd Adid ben Ali foar in dynamyske dei soarge. Oan de ein fan dit boek is in mearfâldige maraton it symboal fan dynamyk.
In het kort
ISBN-13
9789464249873
Uitgever
Verschenen
24 januari 2022
Bibliografisch
ISBN-139789464249873
SerieIn Fryske Odyssee — deel 20
Editie1
TaalNederlands dut
Pagina’s312
GeïllustreerdNee
Uitgave
UitgeverAspekt B.V., Uitgeverij
CB-relatie-id7100811
Verschenen24 januari 2022
StatusLeverbaar 04
BeschikbaarheidBeschikbaar 20
Adviesprijs (incl. btw)€ 22,95
Vorm & inhoud
ProductvormPaperback BC
SamenstellingLos product
Classificatie
NUR (hoofd)Literaire fictie algemeen 300
NUR (alle)300 Literaire fictie algemeen
Medewerkers
Auteur A01Willem Tjerkstra
Herkomst
Werk-id (NSTC)501492628
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Lijkt op dit boek
NSTC 501492628 · CB-relatie 7100811 · Bijgewerkt 6 augustus 2026









