

Hege flecht Diel 15 fan ‘In Fryske Odyssee’
Hege flecht is it fyftjinde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint.Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten en Hege flecht wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1999.Yn it lêste diel fan Hege flecht kriget it jier 1929 in bysûndere betsjutting, ûnder oare troch de flecht fan loftskip ‘Graf Zeppelin’ om de ierde hinne en de earste flecht fan in fleanmasine oer de Súdpoal. Yn it earste diel wurdt de myte beskreaun fan de hege flecht fan Ikaros, dy’t mei heit Daidalos op wjukken út it labyrint fan kening Minos fan Kreta ûntsnapt. Om’t yn 1929 foar Kristus it paleis fan Knossos op Kreta al bestie, soe it by wize fan sprekken mooglik west ha dat de fatale flecht fan Ikaros yn dat jier plakfûn hat. Yn it jier 1999 fernimt heit Bouke dat syn flecht op ’e buorkerij minder heech wurdt, wylst dy fan soan Wiebe de hichte yngiet.
In het kort
ISBN-13
9789464247763
Uitgever
Verschenen
26 augustus 2021
Bibliografisch
ISBN-139789464247763
SerieIn Fryske Odyssee — deel 15
Editie1
TaalNederlands dut
Pagina’s316
GeïllustreerdNee
Uitgave
UitgeverAspekt B.V., Uitgeverij
CB-relatie-id7100811
Verschenen26 augustus 2021
StatusLeverbaar 04
BeschikbaarheidBeschikbaar 20
Adviesprijs (incl. btw)€ 22,95
Vorm & inhoud
ProductvormPaperback BC
SamenstellingLos product
Classificatie
NUR (hoofd)Literaire fictie algemeen 300
NUR (alle)300 Literaire fictie algemeen
Medewerkers
Auteur A01Willem Tjerkstra
Herkomst
Werk-id (NSTC)501475265
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
Lijkt op dit boek
NSTC 501475265 · CB-relatie 7100811 · Bijgewerkt 6 augustus 2026









