
In wolk luts foar de sinne del en smiet in skaad oer de lytse romte dêr’t ik op ’e knibbels siet. Imerkes tsjirpten op ferburgen plakken. It swit plakte myn shirt oan myn rêch fêst.Neat kaam by my binnen. Myn geast siet kompleet fêst oan dy lytse brune foarwerpen foar my.Ik twong mysels om de wierheid ûnder eagen te sjen.Ik hie de bonkjes fan in minsklike hân bleatlein.De fjirtjinjierrige Tory Brennan wennet sûnt it ûngelok fan har mem op Morris Island, by har heit Christopher ‘Kit’ Howard. Har heit is seebiolooch en wittenskiplik ûndersiker by it ynstitút op Loggerhead Island. Hy is in workaholic, dy’t gjin ferstân fan it heit-wêzen hat. En Tory sels is in nerd, dy’t neat leaver docht as dingen út te fûgeljen en antwurden op lestige fragen te finen. Op in speurtocht mei in groepke freonen fynt se in identiteitsplaatsje mei de namme ‘F. Heaton’ derop en dêr begjint it mei. Letter stuitsje se net allinne op in grêf, mar ek op in ferburgen laboratoarium, dêr’t se in wolfshûn befrije. It bist is ynfekteard mei in firus, en dat hat in wol hiel bysûnder effekt op de sintugen fan de freonegroep. It makket harren ûnferslaanber en de folwoeksenen hawwe der de hannen fol oan.In magysk en tige spannend fantasyferhaal yn it sjenre young adult fan de hân fan de populêre skriuwster Kathy Reichs. Geart Tigchelaar hat it boek yn it Frysk oerset.
In het kort
ISBN-13
9789089548504
Uitgever
Verschenen
22 april 2016
Imprint
Bibliografisch
ISBN-139789089548504
Editie1
TaalFries fry
Pagina’s353
GeïllustreerdNee
Uitgave
UitgeverElikser B.V. Uitgeverij
ImprintElikser B.V. Uitgeverij
CB-relatie-id9087293
Verschenen22 april 2016
StatusOnbekend 00
Vorm & inhoud
ProductvormE-book ED
VormdetailE101 EPUB
SamenstellingLos product
EPUB-versie2
Beveiliging e-bookDigitaal watermerk 02
Classificatie
NUR (hoofd)Fantasy 334
NUR (alle)334 Fantasy
Medewerkers
Auteur A01Kathy Reichs
Vertaler B06Geart Tigchelaar
Herkomst
Werk-id (NSTC)100036272
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
NSTC 100036272 · CB-relatie 9087293 · Bijgewerkt 6 augustus 2026