In magysk en tige spannend fantasyferhaal yn it sjenre young adult fiction fan de hân fan de populêre skriuwster Kathy Reichs. FriestaligIn magysk en tige spannend fantasyferhaal yn it sjenre young adult fiction fan de hân fan de populêre skriuwster Kathy Reichs.
In wolk luts foar de sinne del en smiet in skaad oer de lytse romte dêr’t ik op ’e knibbels siet. Imerkes tsjirpten op ferburgen plakken. It swit plakte myn shirt oan myn rêch fêst. Neat kaam by my binnen. Myn geast siet kompleet fêst oan dy lytse brune foarwerpen foar my. Ik twong mysels om de wierheid ûnder eagen te sjen. Ik hie de bonkjes fan in minsklike hân bleatlein.
De fjirtjinjierrige Tory Brennan wennet sûnt it ûngelok fan har mem op Morris Island, by har heit Christopher ‘Kit’ Howard. Har heit is seebiolooch en wittenskiplik ûndersiker by it ynstitút op Loggerhead Island. Hy is in workaholic, dy’t gjin ferstân fan it heit-wêzen hat. En Tory sels is in nerd, dy’t neat leaver docht as dingen út te fûgeljen en antwurden op lestige fragen te finen. Op in speurtocht mei in groepke freonen fynt se in identiteitsplaatsje mei de namme ‘F. Heaton’ derop en dêr begjint it mei. Letter stuitsje se net allinne op in grêf, mar ek op in ferburgen laboratoarium, dêr’t se in wolfshûn befrije. It bist is ynfekteard mei in firus, en dat hat in wol hiel bysûnder effekt op de sintugen fan de freonegroep. It makket harren ûnferslaanber en de folwoeksenen hawwe der de hannen fol oan.
In magysk en tige spannend fantasyferhaal yn it sjenre young adult fan de hân fan de populêre skriuwster Kathy Reichs.
Geart Tigchelaar hat it boek yn it Frysk oerset.

In het kort
Bibliografisch
ISBN-139789460381133
Editie1
TaalFries fry
GeïllustreerdNee
Uitgave
UitgeverAudiofrysk
ImprintElikser
CB-relatie-id7803570
Verschenen1 mei 2016
StatusOnbekend 00
BeschikbaarheidContact leverancier 99
Zonder prijsPrijs volgt
Vorm & inhoud
ProductvormLuisterboek AJ
SamenstellingLos product
Classificatie
NUR (hoofd)Fantasy 334
NUR (alle)334 Fantasy
524 Fries
524 Fries
Medewerkers
Auteur A01Kathy Reichs
Voorlezer E07Geartsje de Vries
Herkomst
Werk-id (NSTC)100036272
MeldingBevestigd bij publicatie 03
Bijgewerkt6 augustus 2026
NSTC 100036272 · CB-relatie 7803570 · Bijgewerkt 6 augustus 2026